Trije fraksjes stappe út foarsittersoerlis Opsterlân

18 mrt 2016 - 22:26
  • It gemeentehûs fan de gemeente Opsterlân

De partijen BAS, FNP en Opsterlanders brekke mei it presidium fan de gemeente Opsterlân. Se komme tenei net mear nei de gearkomsten. Normaal komme dêr alle fraksjefoarsitters. Der kinne gjin besluten naam wurde, mar neffens de trije partijen besykje oaren sa no en dan om ta geheime ôfspraken te kommen, bûten de ried om. En dêr passe se foar, sizze se.

De yntegriteit fan de gemeente Opsterlân leit al langer ûnder fjoer. Op 29 maart bepraat de ried in ekstern rapport hjiroer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)