Trije ferwûnen yn Eastermar

22 sep 2013 - 10:27

By in ûngelok yn Eastermar binne sneon trije minsken ferwûne rekke. Twa hurdfytsers út Ljouwert fan 50 en 53 jier woene op de Achttienenweg it fytspaad ôf. Fan de oare kant kamen twa 50-jierrige fytsters út Surhústerfean. Dy woene it fytspaad krekt op. Se botsten op elkoar. In frou fan 50 út Surhústerfean rekke swier ferwûne en is troch personiel fan de traumahely stabilisearre en dêrnei mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht. De 50-jierrige Ljouwerter is nei it MCL brocht, syn plakgenoat is behannele troch ambulânsemeiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)