Trije ferwûnen by Wûns

31 aug 2010 - 10:50

Trije minsken binne moandei ferwûne rekke by in ûngelok yn Wûns. In 48-jierrige autobestjoerder fan Skraard soe de dyk oerstekke, mar seach in oare auto oer de holle. De bestjoerder fan dizze auto, in 45-jierrige ynwenner fan Makkum, rekke troch de oanriding mei syn auto yn de sleat.

De bestjoerder en in poppe dy't by him yn de auto siet rekken ferwûne. De oare bestjoerder rekke ek ferwûne. Alle trije binne se oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)