Trije ferwûnen ûngelok Harns

08 sep 2014 - 11:06
  • Trije ferwûnen ûngelok Harns

Oan it Grutte Bredeplak yn Harns binne freedtejûn om kertier foar tsienen hinne trije minsken ferwûne rekke. It giet om twa manlju fan 21 en 23 jier út Harns en in 13-jierrich famke út it Dútske Petershagen.

De Harnzers, dy't op in scooter rieden, botsten tsjin it famke oan. Beide manlju rûnen troch de oanriding in pynlike skonk op. It Dútske famke hie lêst fan de heup. Alle trije ferwûnen binne mei in ambulânse nei de sikehuzen fan Ljouwert en Snits brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)