Trije ferwûnen by ûngelok A7

04 aug 2012 - 12:53

Op de A7 by It Hearrenfean-West binne freedtejûn trije minsken ferwûne rekke by in ûngelok mei twa auto's. In auto mei trije ynsittenden út Zoetermeer en Nootdorp waard snien troch in swarte auto, dy't de sneldyk op ried. De Súd-Hollanners moasten útwike en kamen yn de berm telâne. Fia de fangrail kamen se op de dyk ta stilstân.

De ynsittenden wisten noch krekt út de auto te kommen, foardat in auto mei trije ynsittenden der boppe-op botste. De ynsittenden fan dizze auto, Amsterdammers fan 22, 56 en 70 jier moasten nei it sikehûs.

Op de A7 ûntstie in grutte ravaazje. In part fan de fangrail waard ferfongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)