Trije ferwûnen by stekpartij

01 maaie 2008 - 08:05
  • De plysje sette de strjitte gelyk ôf (foto Alex Zwart)

Bij in fjochtpartij woansdeitejûn yn Snits binne trije minsken ferwûne rekke. De plysje hie al in pear kear in melding krigen fan in rúzje yn in hûs oan de Lemmerweg-West.

De rúzje rûn sa heech op dat der op ´t lêst oer en wer stutsen waard. By dy stekpartij rekken trije minsken ferwûne. Se binne alle trije nei ferskate sikehûzen brocht, en dêr wurde se op dit stuit bewaakt, nei alle gedachten omdat se sels ek dieder binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)