Trije ferwûnen by oanriding

27 aug 2013 - 09:37

By in oanriding yn Grou binne moandeitemiddei trije minsken ferwûne rekke. In famke (13) út Grou stuts de Stasjonswei oer en seach in motorrider oer de holle, mooglik fanwege de leechsteande sinne. De bestjoerder (48) út Jirnsum koe it famke net mear ûntwike en botste tsjin har op.

Troch de oanriding foelen it famke, de motorrider en in famke (14) út Grou dat achter op de motor siet. Se hiene alle trije ferwûnings en binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)