Trije ferwûnen by kopsturtbotsing rotonde De Jouwer

28 jul 2015 - 09:45

By in kopsturtbotsing tusken trije auto's by de rotonde by De Jouwer binne moandeitemiddei trije minsken ferwûne rekke. In 20-jierrige bestjoerder út Olst kaam fan Snits en seach te let dat it ferkear foar de rotonde stilstie. Hy botste tsjin de auto foar him. De 19-jierrige frou dy't by de 20-jierrige man yn siet, rekke ferwûne.

Yn de auto dêr't sy tsjinoan botsten, siet in húshâlding út de gemeente Zuidhorn. De 40-jierrige mem en in berntsje fan 1 jier binne nei it sikehûs brocht. Yn de tredde auto dy't rekke waard, rekke net ien ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)