Trije ferwûnen by Jelsum

15 jan 2011 - 11:36
  • Foto: Wiebe Veenstra

By in oanriding op de dyk rjochting Stiens binne sneontemoarn trije minsken ferwûne rekke. Ter hichte fan Jelsum op de Bredyk botsten twa auto's op inoar.

Twa ynsittenden sieten bekneld yn de auto. De helptsjinsten rukten manmachtich út. Ek de traumahely fleach út omdat ien persoan der min oan ta like. Alle trije ferwûnen binne nei it sikehûs MCL brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)