Trije ferwûnen by Ingelum

14 jul 2009 - 10:22

Trije manlju út Ljouwert binne moandeitenacht by Ingelum ferwûne rekke by in ûngelok. Se rieden yn in auto oer de Sirtemawei, doe't se troch ûnbekende oarsaak út de bocht fleagen. De auto rekke yn in slip en kaam tsjin in beam ta stilstân.

De slachtoffers binne mei ûnbekende ferwûnings mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De plysje siket noch út hoe't it ûngelok krekt barre koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)