Trije ferwûnen by iensidich ûngelok Grinzer Pein

14 sep 2015 - 06:18

Trije minsken binne sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Drachtsterwei yn Grinzer Pein. De slachtoffers sieten yn in auto. Dy rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en botste tsjin in beam. Ien fan de slachtoffers siet beknipe en is troch de brânwacht fan Surhústerfean befrijd.

In traumahelikopter is te plak kaam om te helpen. Uteinlik binne de slachtoffers mei ambulânses nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)