Trije ferwûnen by botsing op N351 by Nijeberkeap

23 jan 2016 - 13:16
  • De traumahelikopter kaam te plak om de slachtoffers te helpen

By in frontale oanriding op de N351 by Nijeberkeap binne sneontemoarn trije minsken ferwûne rekke. Op de dyk slipte de auto fan in Snitser (67) troch de glêdens. De auto botste frontaal op in tsjinlizzer. De Snitser en syn passazjier, in ynwenner fan Drylts (69), waarden ferwûne oerbrocht nei it UMCG yn Grins.

De bestjoerder fan de oare auto, in man (22) út it Drintse Norg, waard ferwûne oerbrocht nei it sikehûs fan Drachten. By de helpferliening waard ûnder oare de traumahelikopter ynset. De N351 wie fanwege it ûngelok in skoft stremd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)