Trije ferwûnen by botsing

15 mrt 2014 - 09:48
  • Ungelok Sigerswâld

By in ûngelok op de Skieppedrift by Sigerswâld binne sneontemoarn trije minsken ferwûne rekke. De auto dêr't de slachtoffers yn sieten rekke fan de dyk en kaam tsjin in beam ta stilstân. Njonken de ambulânses kaam ek in traumahelikopter op it plak fan it ûngelok.

De slachtoffers, twa manlju (21 en 22 jier) út Roden en in man (25) út Peize, binne nei sikehuzen yn Drachten en Grins brocht. De plysje hat in bloedproef dien by de bestjoerder om te sjen oft hy ûnder ynfloed fan alkohol wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)