Trije fertochten oppakt foar stellerij fan 150 pear skuon

15 okt 2015 - 14:00

De plysje hat trije fertochten oanhâlden foar de ynbraak op 24 septimber yn in skuonwinkel oan de Dracht op It Hearrenfean. It giet om in 54-jierrige man sûnder fêst wenplak, in 43-jierrige man út de gemeente Steenwijkerland en in 43-jierrige man út Uden. By de ynbraak waarden 150 pear skuon stellen.

De plysje sette bylden fan de ynbrekkers op sosjale media, lykas Facebook. In plysjeman út Veendam herkende de 54-jierrige man, dy't fêst sit foar in oare ynbraak. Op 2 oktober waard de man út Steenwijkerland oanhâlden.

Beide manlju sitte noch fêst. De tredde fertochte is op 12 oktober oanhâlden. Nei't der proses-ferbaal opmakke is, koe de man út Uden wer nei hûs. De stellen skuon binne net werom fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)