Trije Feansters yn Jong Oranje

11 maaie 2007 - 10:12
  • Ek Calvin Jong A Pin sit yn 'e foarseleksje fan Jong Oranje

Trije spilers fan sportclub Hearrenfean binne selektearre foar Jong Oranje. Calvin Jong A Pin, Gianni Zuiverloon en keeper Agil Etemadi sitte yn de foarseleksje foar it Europeesk Kampioenskip ûnder de 21. Der binne tritich spilers útkeazen, dêr bliuwe der úteinlik 23 fan oer.

It kampioenskip wurdt hâlden yn Nederlân. It Hearrenfean is dêrby ien fan de fjouwer stêden dêr't spile wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)