Trije Feanspilers yn Jong Oranje

02 okt 2004 - 09:06

Bûnscoach Foppe de Haan fan Jong Oranje hat trije spilers fan SC Hearrenfean oproppen foar de wedstriden tsjin Jong Masedoanië en Jong Finlân. Keeper Boy Waterman, ferdigener Jerrel Wolfgang en oanfaller Klaas-Jan Huntelaar meitsje diel út fan 'e seleksje fan mei-inoar 18 spilers.

Jong Oranje spilet op sneon 9 oktober út tsjin Jong Masedoanië. Op woansdei 12 oktober is it duel tsjin Jong Finlân yn Doetinchem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)