Trije duels foar Gouweleeuw

03 des 2012 - 15:26
  • Teloarstelling by Jeffrey Gouweleeuw

Jeffrey Gouweleeuw hat in skikkingsfoarstel krigen fan trije wedstriden skorsing, wêrfan ien ûnder betingst. De ferdigener fan SC Hearrenfean waard yn de útwedstriid tsjin Willem II mei in reade kaart fan it fjild stjoerd nei in oertreding op Genaro Snijders.

Troch dizze skorsing mist Gouweleeuw de wedstriden tsjin Roda JC en FC Utrecht. It is noch net bekend oft SC Hearrenfean tsjin de skorsing yn berop giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)