Trije drugshannelers oppakt yn Surhústerfean

14 okt 2015 - 14:36

De plysje yn Surhústerfean hat op it Torenplein trije manlju oanhâlden foar drugshannel. De plysje krige klachten fan omwenners oer oerlêst en hat in 19-jierrige jonge út Boelensloane, in 24-jierrige man út Surhústerfean en in 22-jierrige man út De Pein oanhâlden.

De jonge út Boelensloane en de man út De Pein moatte foar de rjochter ferskine en bliuwe langer fêstsitten. De plysje is dwaande mei in ûndersyk en slút oare arrestaasjes net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)