Trije Drachtsters oppakt foar mishanneling

16 nov 2014 - 14:35

De plysje hat sneontenacht trije Drachtsters oanhâlden. It trio fan 16, 17 en 18 jier wurdt der fan fertocht dat se in 21-jierrige plakgenoat earnstich mishannele hawwe. Dat barde op de Súdkade yn it Drachtster útgeanssintrum. De jonges soene it slachtoffer doe't er op 'e grûn lei ek noch skopt ha, sa hawwe tsjûgen ferklearre.

De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)