Trije deaden yn dongsilo

19 jun 2013 - 12:37
  •  Trije deaden yn dongsilo, Makkingea
  • De dongsilo yn Makkingea dêr't okkerdeis trije deaden foelen
  •  Trije deaden yn dongsilo, Makkingea
  •  Trije deaden yn dongsilo, Makkingea

Yn Makkingea binne woansdei trije manlju omkaam nei in fal yn in dongsilo. In fjirde man is yn kritike tastân oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Alle fjouwer manlju wurken op it bedriuw dêr't it ûngelok plakfûn. Wat der krekt bard is, is noch ûndúdlik. De Forensyske Opspoaring docht dêr ûndersyk nei.

Helptsjinsten rukten nei de melding fan it ûngelok manmachtich út. Ferskate brânwachtkorpsen, ambulânses, in dûkteam út Snits en twa traumahelikopters wiene oanwêzich. De plysje sil letter de identiteit fan de manlju bekendmeitsje.

Earst wurdt de famylje ynljochte oer it drama.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)