Trije dagen ploeterjen troch Fryslân by de MTB-Xperience

04 sep 2015 - 12:35

180 dielnimmers dogge de kommende trije dagen mei oan de 4de alvestêde MTB Xperience. Oer in wol hiel bysûndere rûte raze de fytsers troch greiden, natuergebieten en paden dêr't je eins hielendal net op fytse kinne. Underweis komme de dielnimmers op de rûte sels troch in lisboksstâl yn De Falom en in drok kafee-restaurant yn Ljouwert.

De start wie freed by de Bonifatius-kapel yn Dokkum. De finish is snein yn it sintrum fan Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)