Trije crossers ferwûne

22 aug 2011 - 07:05

Trije dielnimmers oan de Swarte Cross yn Blije binne yn it sikehûs rekke nei de race ôfrûne sneon. Ien motorkoereur ferlear nei in sprong de macht oer de motor en kaam raar telâne. Ek in twadde motorrider rekke ferwûne nei in fal. In dielnimmer yn in auto kaam yn 'e problemen en moast troch de brânwacht út it wrak helle wurde. It terrein wie min te beriden foar de dielnimmers, omdat it te wiet wie. In rupskraan hat healwei de race de baan ôfskrabe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)