Trije bûtenboardmotors stellen

10 sep 2012 - 10:26
  • Bûtenboardmotor

De plysje warskôget boateigners foar stellerij fan harren bûtenboardmotors. Ofrûne wike binne yn de buert fan Snits, Toppenhuzen en Earnewâld trije bûtenboardmotors stellen. By Earnewâld besochten de dieven ek noch in rubberboat te stellen, mar dêr binne se mooglik by steurd. De boat dreau stjoerleas op it wetter. De plysje advisearret eigners om de motor achter de boat wei te heljen as se dy net brûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)