Trije brânstofdieven oppakt yn Koudum

23 aug 2015 - 11:34

Trije minsken binne sneontewnacht yn Koudum oanhâlden omdat se brânstof stellen hiene. It giet om in frou (23) út Ljouwert en in man (28) út dy stêd en om in ynwenner (29) fan de gemeente Frjentsjerteradiel. In tsjûge hie sjoen dat de trije yn in auto nei in ôfsletten terrein oan de Symkewal yn Koudum rieden. De man fertroude it net en belle de plysje.

Dy trof de auto oan op de Nijewei. Ien ynsittende stapte út en naaide út. De oare twa waarden kontrolearre. Yn de auto fûn de plysje ynbrekkersark en in oantal benzinetankjes.

Neffens de plysje komme de tankjes fan boaten dy't oan de Symkewal lizze. De twa binne oanholden. De tredde fertochte koe efkes letter mei de ynset fan in plysjehûn oppakt wurde. De fertochten sitte fêst foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)