Trije asylsikerssintra ticht

07 feb 2003 - 00:00

De asylsikerssintra yn Kollum en Snits en oan De Bonkefeart yn Ljouwert gean takom jier ticht, sa hat it COA bekendmakke. Dy op It Hearrenfean en yn Dokkum wurde mei in tredde ynkrompen. Gefolch is dat asylsikers fan It Amelân dy't nei Kollum moasten, dêr nei in skoftke ek wer wei moatte.

Yn totaal ferdwynt in kwart fan de opfangplakken yn Fryslân. Wat der mei it personiel barre sil, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)