Trije agressive jonges oppakt yn Ljouwert

29 nov 2015 - 11:04

De plysje hat sneontenacht trije minsken oppakt yn de binnenstêd fan Ljouwert. In 20-jierrige Ljouwerter misledige in plysje. In man fan 20 jier út Dronryp wie agressyf. Hy dage ûnder oare in plysje út. Doe't er agressyf bleau, waard er oanhâlden.

Letter kamen plysjes yn aksje by in fjochtpartij. In 17-jierrige jonge út Dronryp waard oppakt nei't er in plysjefrou yn 'e rêch treaun hie. By syn arrestaasje besocht de jonge los te kommen. Hy sloech wyld om him hinne. Plysjes koene him mei geweld yn de boeien slaan.

Alle trije fertochten mochten nei ferhoar wer nei hûs. De plysje makket proses-ferbaal op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)