Triggerfinger op Oerrock yn it plak fan Kensington

14 maaie 2015 - 14:18
  • Triggerfinger ferfong Kensington as headliner fan Oerrock

De Belgyske formaasje Triggerfinger ferfangt Himelfeartsdei de band Kensington op it Oerrock-festival yn Oerterp. Kensington moast woansdei noch ôfsizze yn ferbân mei problemen mei de stim fan sjonger Eloi Youssef.

Triggerfinger stie ek al jierren op it listje fan de Oerrock-organisaasje. Der moast wol wat ekstra jild op it kleed komme en it duorre noch oan it begjin fan de middei foardat Triggerfinger befestige wurde koe, omdat ien fan de bandleden ûnderweis wie nei Ingelân. Dy is fuortdaliks omkeard om yn Oerterp op te treden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)