Triemstra tusken hoop en freze

13 jul 2014 - 15:37
  • Taeke Triemstra moat fan de kant sjen hoe't syn ploechmaten it dogge

It is noch mar de fraach oft keatser Taeke Triemstra op 'e tiid wer fit is foar de PC. Triemstra hat al in skoftke lêst fan in blessuere oan it skouder. Hy is dêrfoar yn behanneling. It werstel gie goed, mar ôfrûne tiisdei krige er in grutte tebeksetter by de training, doe't er op 'e nij deselde pine krige.

Kommende wike sil Triemstra in beslút nimme oft er wol of net meidocht oan de PC yn Frjentsjer. Ek foar syn ploechgenoaten Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger wol er sa gau mooglik útslútsel jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)