Triemstra keatser fan it jier

17 sep 2006 - 14:53

Keatser Teake Triemstra fan St. Japik is al wis fan de titel 'keatser fan it jier'. Hy stiet earste yn it LC-klassemint en kin net mear ynhelle wurde troch Kor Zittema en Chris Wassenaar.

Dy lêste twa waarden snein beide yn de earste omloop fan de Aldehoupartij útskeakele. Dat is tradisjoneel de ôfsluting fan it keatsseizoen. Teake Triemstra komt noch wol yn aksje. Hy kin de titel dus net mear misrinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)