Triedspannende jonkjes pakt

03 jan 2013 - 09:59
  • Izertried

De plysje wit wa't op 24 desimber in tried spand hawwe oer de Jousterdyk by Aldehaske. Dizze wike hawwe de âlders fan in 13-jierrige jonge fan It Hearenfean en ien fan 14 út Aldehaske har melden op it buro. De plysje hat praat mei de jonges, dy't tajûn hawwe dat sy de tried spand hiene. It wie bedoeld as grap, mar se sjogge no wol yn dat it dat net wie. In oare jonge fan 14, dy't der ek by wie, moat noch mei praat wurde. In attinte automobiliste seach op dy jûn de tried hingjen, sy hat de tried losmakke en de plysje warskôge.

In tsjûge hie doe de trije jonges yn de buert sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)