Tricom-groep yn Drachten fallyt

20 jul 2001 - 00:00

De Tricom-groep yn Drachten, dy't foar de farmaseutyske en foedingsmiddelyndustry wurket, is fallyt. De 80 meiwurkers fan it bedriuw komme allegear op strjitte te stean.

Tricom naam in pear jier lyn it apparateboubedriuw Frimafa oer. Frimafa waard ferline jier al fallyt ferklearre. Tricom koe doe in part fan it personiel yn tsjinst hâlde en krige it dêrnei dreech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)