Tricolore-slachtoffers weromset

15 mrt 2003 - 00:00

Meiwurkers fan De Fûgelpits ha sneon sechstich seekoeten en alken weromset op de Noardsee. De fûgels sieten nei it sinken fan de Tricolore ûnder de oalje en binne himmele yn De Fûgelpits.

De Fûgelpits hie foar it weromsetten fan de skjinne fûgels spesjale tastimming nedich fan it ministearje fan Lânbou en Fiskerij. It wurk by De Fûgelpits leit fierder sawat stil. De opfang mei op dit stuit gjin nije bisten oannimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)