Trials foar jonge bestjoerders

20 apr 2007 - 16:15
  • jonge sjauffeurs op kursus om better te riden

Sa'n 1500 jonge automobilisten yn it Noarden folgje de kursus om better autoride te kinnen. It program Trials is populêr. It is in inisjatyf fan de fersekerders om jongeren bewuster te meitsjen yn it ferkear. Jongeren ha faker ûngelokken as âlderen.

De dielnimmers leare yn Drachten ûnder oare om in needstop te meitsjen. Ek meie se mei in ynstrukteur op in frachtwein ride. Se krije sa mear begryp foar de frachtweinsjauffeurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)