Tréwes 2 wint NK sloeproeien

13 okt 2012 - 17:38
  • Roeiploech Tréwes 2 út Aldeboarn

De manlju fan roeiploech Tréwes 2 út Aldeboarn binne sneon yn Amsterdam Nederlânsk kampioen sloeproeien wurden. Yn de Amsterdamske grêften gie de striid om de nasjonale titel tusken twa Fryske ploegen. De oare kânshawwer wie Hjoed 'n Makkie út Frjentsjer.

Yn min waar moasten de roeiers út Aldeboarn fjouwer minuten goed meitsje op de manlju út Frjentsjer. Dat slagge en dêrmei wie de titel binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)