Tresoar as wittenskipsbyb

26 mrt 2014 - 21:09
  • Mei ien pennestreek hat Tresoar der 200 meter oan boeken by krigen
  • Tresoar wurdt in wittenskipsbibleteek

Alle wittenskiplike bibleteken fan Fryslân moatte yn de takomst te finen wêze by Tresoar yn Ljouwert. As it net fysyk is, dan yn alle gefallen digitaal. En sa moat Tresoar útgroeie ta in echte universiteitsbibleteek fan Fryslân. Dat sei direkteur Bert Looper woansdei by de offisjele oerdracht fan in part fan de bibleteek fan de Fryske Akademy.

Sa'n 200 meter oan boeken ferhuzet nei Tresoar om romte te meitsjen foar de kommende ferbouwing yn maaie. De boeken krije no plak by Tresoar om sa better tangonklik te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)