Tresoar toant argyf-Wierda

01 apr 2005 - 10:00

By Tresoar binne no ek argyfstikken yn te sjen fan de fersetsbruorren Wierda út Ljouwert. Klaas en Hyltsje waarden fjouwer dagen foar de befrijing yn Dronryp deasketten, tegearre mei alve oaren. Broer Gerben oerlibbe it drama.

Tresoar hie al it argyf fan de famylje Wierda yn besit. Dêr binne in pear jier ferlyn de stikken fan broer Gerben by kommen. Alle stikken binne no rubrisearre en tagonklik makke foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)