Tresoar lûkt rekôrtal besikers

22 des 2015 - 20:36
  • Benammen it tal studinten nimt bot ta
  • De ferwachting is dat it kommende jierren noch drokker wurde sil troch de komst fan de nije Fryske fakulteit fan de Universiteit Grins

Tresoar hat yn it ôfrûne jier in rekôrtal besikers lutsen nei de fernijde stúdzjeseal. Yn totaal kamen hast 74.000 besikers nei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert om de argiven yn te gean, of om gebrûk te meitsjen fan de ferskate wurkromten. Dat binne der rom 8.000 mear as yn it jier derfoar.

It súkses fan Tresoar is opmerklik, om't oare argiven harren besikersoantallen weromrinnen sjogge. Dat komt trochdat hieltyd mear argyfstikken ek online te finen binne.

Studinten

Datselde jildt ek foar de stikken fan Tresoar, mar dochs nimt dêr it besikersoantal wol ta. Benammen it tal studinten nimt bot ta. De ferwachting is dat it de kommende jierren noch drokker wurde sil troch de komst fan de nije Fryske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)