Tresoar lit 2000e boek sweve

20 aug 2012 - 20:46

It 2000e boek fan Tresoar is op 'e sweef. Presys twa jier lyn is Tresoar begûn mei it útsetten fan boeken. It wie de bedoeling om boeken dy't oerbleaun wiene nei de fúzje tusken Stichting It Fryske Boek en Tresoar werom te jaan oan it publyk. Oan de hân fan in koade yn it boek is werom te sjen wa't it lêzen hat en hokker rûte it boek ôflein hat.

Der komme noch net in soad reaksjes binnen, mar alle boeken dy't útset binne sweve noch altyd om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)