Tresoar kriget 145.000 foar keunstprojekt

17 aug 2015 - 20:06
  • Tresoar

Histoarysk- en letterkundichsintrum Tresoar kriget 145.000 euro subsydzje fan it Mondriaan Fonds. It giet om it projekt Kunst met een Opdracht, kunst en gemeenschap in Fryslân. It moat de betsjutting fan keunst yn de iepenbiere romte ûnder de oandacht bringe. Dat wurdt dien oan de hân fan it wurk fan de Fryske keunstner Jaap van der Meij.

Op tal fan plakken yn de provinsje stean bylden fan him. Sa is hy de makker fan 'de drie burgemeesters' by de entree fan Dokkum. Dizze bylden fertelle in ferhaal dat no faaks net mear begrepen wurdt.

Ek is it ûnderhâld in probleem wurden. De Rietveld Academie sil ûndersykje as de bylden in nije rol spylje kinne yn de mienskip en ek hoe't dy keunst him yn de mienskip foege hat. Njonken dit ûndersyk komme der útstallings en ûnder oaren ek in reisgids lâns de bylden fan Van der Meij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)