Tresoar hâldt iepen hûs

12 des 2012 - 14:04

Tresoar hâldt woansdei iepen hûs om't it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum yn Ljouwert tsien jier bestiet. Troch it jier hinne ha der ferskate grutte en lytse aktiviteiten west om dat jubileum te fieren. Op de iepen dei wol Tresoar sjen litte wat Tresoar is, docht en hat. Meiwurkers fan Tresoar hâlde koarte lêzings, der binne rûnliedingen en der wurde âlde films toand. Der is in programma foar bern. De iepen dei is fan 13.00 oant 21.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)