Trepfabryk Douma fallyt

06 mrt 2014 - 15:11
  • Website Douma's Trepfabryk

Douma's Trappenfabricage yn Sint Nyk is fallyt ferklearre. It bedriuw waard yn 1994 oprjochte. Der wurkje sân minsken. Douma is yn de problemen rekke troch it fallisemint fan in tal ôfnimmers lykas wenningbouwer VDM út Droegeham en boubedriuw Van der Werf út Sint Nyk.

Kurator Geffroy ûndersiket oft in trochstart mooglik is. Neffens direkteur Jan Douma is der noch genôch wurk yn portefúlje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)