Trening foar finzenispersoniel

03 jan 2005 - 10:58

It personiel fan de acht noardlike finzenissen krijt ekstra opliedingen om better omgean te kinnen mei agresje. Meiwurkers fan de finzenissen ha mear en mear te krijen mei agressive detinearden. Troch de kursus moatte se dêr better op taret wêze.

De meiwurkers krije fisike en mentale treningen. Foar Fryslân giet it om personiel fan de Ljouwerter finzenissen de Blokhúspoarte en de Marwei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)