Trener Pool fuort by SCO

11 maaie 2011 - 09:36

Haadtrener Jan Sjoerd Pool út Aldegea (Sm.) hat syn funksje by SCO, kuorbalferiening út Aldeholtpea, dellein. Assistint-trener Arjan Kreeft en trener Evert Frieswijk hâlde der út solidariteit ek mei op.

Neffens it bestjoer fan de klup ha de teloarstellende resultaten op it fjild mei it beslút te krijen. Ek soe der net echt in klik wêze tusken de trener en de spilers. De ferwachtings wiene mooglik te heech doe't Pool fan Mid-Fryslân nei SCO kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)