Trener De Boer bliuwt noch

29 okt 2004 - 08:55

Trener Dick de Boer bliuwt yn elk gefal oant de winterstop by Cambuur. Dat hat foarsitter Adema tongersdeitemoarn oan de spilersgroep meidield. It bestjoer fan Cambuur hat begryp foar de drege situaasje mei in grut tal blessueres.

Yn de wedstriid fan freed tsjin Go Ahead Eagles misse der alve man. It bestjoer is der ek net fan oertsjûge dat in nije trener mear út de ploech helje kin. Sprekkoaren en kwetsende spandoeken wurde net mear tolerearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)