Trelit strânjutters om hout

22 sep 2004 - 13:31

Flylanner en Skylger strânjutters ha tiisdei lijen mei inoar krigen. It frachtskip Limare ferlear tiisdeitemoarn troch de stoarm in grutte lading hout yn de fargeul tusken Flylân en Skylge. In part fan de planken spielde oan op Flylân, dêr't jutters klear stiene om har it hout ta te eigenjen.

Der farden lykwols ek Skylger jutters út. Dy sleepten mei pikheakken it hout foar de eagen fan de Flylanners wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)