Trekwei Parregea trillet

23 aug 2011 - 14:33
  • De trekwei by Parregea

De ferline jier oanpakte Trekwei by Parregea soarget al wer foar oerlêst. It asfalt is ferfongen troch klinkerts. As dêr swier lânbouferkear oer giet, soarget dat foar trillings yn de huzen. De bewenners binne bang dat de huzen dêr skea fan krije.

De gemeente wit fan de beswieren en soe der yn maaie op werom komme. Dat is lykwols net dien. Wethâlder Wigle Sinnema jout ta dat dat mis wie, mar seit ta dat de problemen no op koarte termyn oanpakt wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)