Trekkertraining: gjin priis

22 apr 2010 - 13:16

De Fryske feiligenstraining lânboufoertugen hat net de nasjonale ferkearsfeiligenspriis wûn. It projekt wie ien fan 'e trije nominearren. De haadpriis giet nei in ûndersyk fan skoalbern nei feilige fytsrûtes yn 'e Alblasserwaard. De organisaasje fan 'e feiligenstraining foar trekkers wie teloarsteld oer de útslach, mar bliuwt grutsk op de nominaasje as erkenning. In pear hûndert minsken fan leanbedriuwen hawwe de training folge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)