Trekkerrider mei drank op oanhâlden op It Hearrenfean

05 des 2014 - 10:12
  • Plysje

De plysje op It Hearrenfean hat freedtemoarn betiid de 20-jierrige bestjoerder fan in trekker oanhâlden. De man út de gemeente De Fryske Marren ried mei syn trekker oer de Herenwal op It Hearrenfean. Hy reagearre earst net op in stopteken fan de plysje.

Doe't hy de trekker lang om let oan de kant sette, die bliken dat de man mei drank op achter it stjoer siet. Op it plysjeburo waard de man dwers en misledige er de plysjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)