Trekkerpech oarsaak botsing

29 apr 2011 - 12:17
  • Foto: Miranda Werkman (Omrop Fryslân)

De trekker dêr't by Wurdum in trein op botste, hie mooglik in technysk mankemint oan it stjoer. De trekker bleau hingjen op it spoar. De 57-jierrige bestjoerder út Kollum hat noch besocht om fuort te kommen, mar de trein klapte op de oanhinger mei twa grutte buizen. Dy kamen yn de tún fan in hûs neist it spoar telâne.

Ien passazjier moast mei lichte ferwûning nei it sikehûs. De oare reizgers binne mei bussen nei Ljouwert ferfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)