Trekkerbrân yn Ealahuzen

17 apr 2010 - 14:07

Troch noch ûnbekende oarsaak is yn de nacht fan freed op sneon yn in lisboksstâl yn Ealehuzen brân ûntstien yn in trekker. In buorman hearde in lûde knal en seach fuortendaliks dêrnei fjoer yn 'e stâl. Hy makke de bewenners fan it hús neist de stâl wekker en belle de brânwacht.

Mei help fan in oare trekker is de brânende trekker nei bûten ta sleept. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)